Fryslan 4 War Child - Musical in de Skans - Gorredijk

De ôfskiedsmusikal fan basisskoalle De Trimbeets stie dit jier yn it teken fan “Fryslân 4 War Child”. De musikal “groep 8 grijpt de macht” giet oer in groepke bern dy’t fine dat nei de Cito toets sy séls bepale wat se de rest fan it skoaljier dogge. Ien fan de scenes waard opdroegen oan “War Child”. Hjiryn waard it nûmer “You’re the voice” song en playbackt. It wie in prachtige foarstelling! Mei tank oan Theater de Skâns dêr’t de foarstelling spile waard…. In geweldige erfaring fansels foar alle bern út groep 7 en 8. Mei 220 taskôgers levere de musikal in bedrach op fan 340 euro!!

Reportaazje makke troch Uko van der Meulen foar Omrop Fryslân Skoalletelevyzje.

Freed 4 juny Fryslân 4 War Child Finaledei!

Op freed 4 juny sil Omrop Fryslân de hiele dei yn it teken stean fan Fryslân 4 War Child. Op de radio wurdt fan 7 oere ôf ferslach dien fan de 3 aksjes dy't dien wurde troch skoallen yn Beetstersweach, Aldeberkeap en Froubuorren. Ek sil der yn it radioprogramma Noarderwyn kontakt socht wurde mei in meiwurkster fan War Child yn Oeganda. Fan alle aksjes wurde fansels ek wer filmkes makke dy't yn elts gefal op dizze site te sjen binne.

Fryslan 4 War Child - Piter Jelles Impulse Ljouwert

Dit is de reportaazje oer fjouwer jonges fan it Piter Jelles Impulse út Ljouwert. Sy hawwe sels caken bakt en ferkocht foar Fryslân 4 War Child. Dit hawwe se dien om jild yn te sammeljen foar de bern yn treddewrâldlannen.

Reportaazje makke troch Uko van der Meulen foar Omrop Fryslân Skoalletelevyzje.

Fryslan 4 War Child - ISK Piter Jelles Ljouwert

Dit is de reportaazje oer de bern fan ISK Piter Jelles út Ljouwert. Sy hawwe in peaskemerke foar Fryslân 4 War Child holden. Dit hawwe se dien om jild yn te sammeljen foar de bern yn treddewrâldlannen, wylst se sels ek út sa'n lân komme!

Reportaazje makke troch Uko van der Meulen foar Omrop Fryslân Skoalletelevyzje.

Fryslân 4 War Child - OBS De Streek Tsjalbert

Dit is de reportaazje oer de bern fan OBS De Streek ut Tsjalbert. Sy hawwe in flesse-aksje foar Fryslan 4 War Child holden. Dit hawwe se dien om jild yn te sammeljen foar de bern yn treddewraldlannen.

Reportaazje makke troch Uko van der Meulen foar Omrop Fryslân Skoalletelevyzje.

Fryslân 4 War Child: Sjoernaal 6

De bern fan de Piter Jelles Impuls ut Kollum halde yn juni takom jier in ludyke aksje foar Fryslân 4 War Child.

Se halde in binefietfestival om jild yn te sammeljen foar Fryslân 4 War Child.

Fryslân 4 War Child: Sjoernaal 5

Wilens Sint Maarten hawwe alle bern fan basisskoalle De Krunenstrobbe ut Jorwert in aksje holden.

Sy binne lans de doarren west om snobbersguod foar harsels ophellen en jild foar Fryslan 4 War Child!

Fryslân 4 War Child: Sjournaal 4

Leon en Hilda ut Skasterbrege ha sels hiele moaie feest kaarten makke.
Dizze kaarten ha sy ferkocht oan de bewenners yn Skarsterbrege.
It jild dat sy hiermei ophelle ha, giet nei Fryslan 4 War Child.

Fryslân 4 War Child: Sjoernaal 3

De Master S. Wybrandiskoalle ut Aldhoarne haldt al jierren eltse moanne in kollekte foar War Child! Direkteur Jacob Stuiver fynt it belangryk dat de bern leare dat net eltsenien it sa goed hat as hjir yn Nederlan. Se wolle graach wat dwaan foar bern dyt it minder ha as wy.
It jild dat se dit skoaljier ophelje wurdt opsparre en giet kommend maaitiid mei in ludike aksje nei Fryslan4WarChild!!

Fryslân 4 War Child - Sjoernaal 2

Iepening restaurant 'Binnen' yn Drachten.

Fryslan 4 War Child: in gearwurking tusken Omrop Fryslân Skoaltelevyzje en War Child. Bern en skoallen helpe bern yn oarlochsgebied mei jildinsammelingsaksjes.
Omrop Fryslân is derby en makket items oer dizze aksjes!

Fryslân 4 War Child - Sjoernaal 1

Fryslan 4 War Child: in gearwurking tusken Omrop Fryslân Skoaltelevyzje en War Child. Bern en skoallen helpe bern yn oarlochsgebied mei jildinsammelingsaksjes.
Omrop Fryslân is derby en makket items oer dizze aksjes!