Trimbeets

De ôfskiedsmusikal fan basisskoalle De Trimbeets stie dit jier yn it teken fan “Fryslân 4 War Child”. De musikal “groep 8 grijpt de macht” giet oer in groepke bern dy’t fine dat nei de Cito toets sy séls bepale wat se de rest fan it skoaljier dogge. Ien fan de scenes waard opdroegen oan “War Child”. Hjiryn waard it nûmer “You’re the voice” song en playbackt. It wie in prachtige foarstelling! Mei tank oan Theater de Skâns dêr’t de foarstelling spile waard…. In geweldige erfaring fansels foar alle bern út groep 7 en 8. Mei 220 taskôgers levere de musikal in bedrach op fan 340 euro!!

Dy yn it swit rinne foar Fryslân 4 War Child!!

Dy yn it switrinne foar dysels? prima. Dy yn it swit rinne foar Fryslân 4 War Chidl? Better!! Rene Veneboer en Ronald de Jong betochten de Kr8 van Dr8en, wêrby't dielnimmers oan ít jierlikse draafevenemint "de 8 van Dr8en", troch 10 euro mear te beteljen, meirinne foar it goeie doel. Dit jier is keazen foar Fryslân 4 War Child. Foar dy 10 euro krije de dielnimmers in echt sportshirt mei logo's, dêr't se de 8 km yn drave moatte. En dat wie in prachtich gesicht op snein 20 juny. En...in prachtige opbringst fan mar leafst € 2560!!!

Benefytkonsert Piter Jelles Kollum grut sukses!!

In tokkeljende banjo, hurde rock, in ratteljend Rad van Fortuin en koel drinken. Neat ûntbruts op it benefytkonsert dat organisearre waard troch it Piter Jelles yn Kollum. Sels de sinne skynde folop op sneon 26 juny!

Der wienen optredens fan Die Twa, Barry Nice en the Nice Guys, Wander & Kitty en de skoalband fan Piter Jelles “Mouse in the Bassdrum”. Tusken de konserten troch koest moaie prizen winne troch lotsjes te keapjen. Miskien kaam it troch it prachtige waar dat der net safolle publyk wie, mar de minsken dy’t der wienen hawwe best ta de bûse west! De entree jilden, de lotteferkeap en de sponsoring fan lûdsminsken brochten in bedrach op fan € 1006,90! By it bekend meitsjen fan dit bedrach op in cheque, waarden 2 wite dowen loslitten. In prachtich momint!

Rûntsjes drave troch berne-opfang Catalpa

Hiel hurd safolle mooglik rûntsjes drave foar bern yn oarlochsgebiet. Dat diene de bern fan berne-opfang Catalpa yn Drachten. De liedsters kamen op it idee omt sy sels meidogge oan sponsorloop De kr8 fan Drachten op snein 20 juny. Hillegonda Haak: "Catalpa dravend mei in team, dan de bern ek!" En drave koene se! Fol entûsjasme waard de iene nei de oare stimpel helle. Hillegonda: "de bern ha hiel hurd wurke foar eltse sint dy't se ophelle ha, geweldich!" De opbringst it noch net bekend omt it jild noch hieltyd binnenkomt.

Hast 2000 euro ophelle mei aksjes op de Fryslân 4 War Child finale dei!!!

Kaam it troch de super leuke aksjes, troch de ynset fan safolle bern, troch ferslachjouwers en kameraploegen op lokaasje of dochs gewoan troch it moaie waar? Makket net út! De finaledei op freed 4 juny wie in grut sukses, mei in opbringst fan yn totaal hast 2000 euro!! Mei dit bedrach komt de teller op 10.000 euro te stean! En it skoaljier is noch net foarby. Der stean noch aksjes pland en wa't noch in aksje dwaan wol kin har fansels op dizze site noch oanmelde. Oan it begjin fan it nije skoaljier wurdt it totaalbedrach, dat noch ferdûbele wurdt troch de Provinsje, bekend makke.

Sjoch foar in ferslach fan de 3 aksjes hjir ûnder. De filmkes komme der sa gau mooglik op!!

Spultsjes en gedichten op de Paedwizer yn Beetstersweach

Smite mei in wiete spûns, sekje rinne, snoep happe en in bal yn in gat goaie. Dat dienen de bern fan de Paedwizer yn Beetstersweach neidat alle gedichtebondels útferkocht wienen. Mar se moasten der wol foar betelje! Mei in spultsjekaart gienen de bern ûnder begelieding fan groep 7 en 8 by de spultsjes del. De aksje levere mar leafst 650 euro op.

gedichtje út de bondel, fan Marriëlle

verWarrend verleden
Ik richt mijn geweer
Ik schiet je neer
Ik gil het uit:
Het was een droom
Uit mijn verleden.
War Child helpt mij
Om dit te vergeten.

Fiets 'm dr in!! troch de Tjongeling Aldeberkeap

Noch net earder wie it sa drok yn haven de Uutwiek fan Aldeberkeap. En net mei boaten..... mar mei fytsen! Groep 8 fan basisskoalle de Tjongeling organisearre dêr in spektakulêre aksje: Fiets ‘m dr in! Elkenien mocht foar € 1 meidwaan en wiet wurde! Foar wa't der honger of toast fan krige wienen der donuts, drinken en iis te keap . En der waarden prizen fuortjûn! De priis foar de sneltste tiid wie in echte beker, foar de moaiste fyts 2 dvd's en spultsjes en de pechfyts krige ek in dvd. Der dienen 70 bern en 3 folwoeksenen mei oan dizze wiete spektakulêre aksje, dy’t in hiele dikke 500 euro opbrocht!

boppebou fan de Barte yn Froubuorren op 'e planken yn St Anne

Gewoan sels in optreden organisearje ast net yn de finale fan it bernesjongfestival komst. Dát ha de bern fan basisskoalle de Barte fan Froubuorren dien, yn it buerthûs fan Sint Anne. Yn maart hie groep 8 meidien oan de foarrondes fan it bernesjongfestival, mar gienen doe spitigernôch net troch nei de finale. Se lieten har lykwols net út it fjild slaan en stienen freedtejûn op de planken yn Sint Anne. Der waard dûnse, song en toaniel spile foar wa't it mar sjen woe. En dat wie in grut sukses: 800 euro foar Fryslân 4 War Child!!



Bernesjongfestival bringt € 1312,50 op!!

It bernesjongfestival, dat op freed 16 april yn de Lawei plak fûn hat, hat € 1312,50 opbrocht! Tolve skoallen striden yn dizze finale om de Karin de Jong Trofee. Basisskoalle Klaver Trije út Aldegea wûn de priis mei it lietsje "Ien en ien". Foardat de sjuery de winner bekend makke spile de band Van Wieren mei Marieke Swart it nûmer DYN EAGEN. Dit nûmer is spesjaal skreaun foar Fryslân 4 War Child! It bernesjongfestival waard presintearre troch Geartsje de Vries en Sipke Jan Bousema.

Cake 4 War Child!

Fjouwer jonges fan it Piter Jelles Impulse út Ljouwert hawwe foar Fryslân 4 War Child caken ferkocht. De caken waarden bakt troch de jonges sels yn de skoalkeuken. Se ferkochten boerecake en krûdcake foar 5,00 euro it stik en de folsleine opbringst giet nei Fryslân 4 War Child. De ôfrûne wiken ferkochten sy al mear as 50 caken, wêrtroch de euroteller al op 250 stiet! De provinsje ferdûbelet it bedrach en dat betsjut dat sy mar leafst 500 euro ophelle hawwe foar War Child!

Peaskemerk Fryslân 4 War Child

Woansdei is op de Piter Jelles-skoalle ISK (Internationale Schakelklas) yn Ljouwert in peaskemerk holden. It evenemint waard iepene troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy die dat troch mei in pear learlingen alleger fredesdowen los te litten.

Op de merk wurdt allerhande peaskeguod ferkocht, lykas peaske-aaien en peaskebôle. De opbringst is foar Fryslân 4 War Child.

Skoalle yn Warns docht spontaan aksje foar F4WC!!

Op de rekken fan F4WC wie ynienen 280 euro stoarten troch basisskoalle de Skoalfinne yn Warns. De organisaasje fan F4WC wist net dat dizze skoalle in aksje dwaan soe! Even belje fansels: it bedrach is byelkoar brocht mei in krystmerke.

Opbringst F4WC wurdt ferdubele troch Provinsje

Op tiisdei 15 septimber l.l. joech deputearre Hans Konst tegearre mei us Fryske War Child ambassadrise Marieke Swart, in daverjende slach op in gong en joech dermei it startsein oan it projekt Fryslan 4 War Child. Tagelyk sei de hear Konst ta dat de totale opbringst oan it ein fan dit skoaljier ferdubele wurdt troch de Provinsje Fryslân.

Sjineeske winskballonnen oplitten

De bern fan basisskoalle it Dubelspan yn Boazum ha Sjineeske winskballonnen oplitten foar F4WC. Dit soe earst tidens de krystfiering yn it doarp, mar doe stie der tefolle wyn.
Tongersdei wie it hast wynstil en koene de ballonnen de loft yn. It wie in prachtich plaatsje op de beferzen poel mei ryp op de beammen en de monumintale tsjerke op 'e achtergr?e winskballonnen wiene op krystj? beskreaun mei fredeswinsken troch de bern fan skoalle en de doarpsbewenners. Op dyselde j?ard der 280 euro ophelle foar Fryslân 4 War Child en waard der in fredesliet songen. Dit bedrach wurdt fansels wer ferd? troch de Provinsje!

De skoalle fan Marieke, CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne, set har ek yn foar F4WC!

Yn myn klas dogge wy fan alles foar F4WC. We nimme eltse tongersdei jild mei en dat dogge we yn it WarChild-buske.
Fierder ha we ek echte aksjes dien! In pear klasgenoaten hawwe de autos fan de masters en juffen wasken foar jild. Opbringst 40 euro. Oare bern ha op in tongersdei poffertsjes makke en yn it skoft ferkocht. Dat ferkocht sa goed dat de poffertjes gau op wienen en oare klasgenoaten ek noch oan it bakken west ha. Opbringst 104 euro.
Ik ha mei 3 freondinnen koekjes bakt en we ha se oan famylje en freonen ferkocht. Der bin ek cakejes makke. De koekjes en cake ha 211 euro opbrocht!
Ek ha we buskes fan WarChild by winkels yn de buert delsetten. We ha noch net alle buskes ophelle dus it bedrach witte we noch net. De aksjes gean dus hiel goed! Dus kom ek yn aksje foar F4WC! It is echt leuk om te dwaan!
groetnis fan Marieke

OBS De Streek yn Tsjalbert hellet 619 lege flessen op!

Op woansdei 17 febrewaris hat basisskoalle De Streek fan Tsjalbert in flesse-aksje dien foar F4WC!
Middeis om 13.30 oere sammelen de bern har mei safolle mooglik fersierde skelters op skoalle. Yn groepkes giene se it doarp yn, by de doarren del om lege flessen op te heljen. Yn totaal binne der dy middeis 619 lege flessen ophelle! Der kinne noch hieltyd lege flessen nei skoalle brocht wurde want de aksje rint oant 1 maaie.