Oer Fryslân 4 Warchild
Fryslân 4 War Child is de gearwurking tusken Omrop Fryslân Skoaltelevyzje en War Child.
Bern, masters, juffen, heiten en memmen yn Fryslân helpe bern yn oarlochsgebiet.
Troch aksjes te dwaan dy’t jild opsmite foar dizze bern.
Want dizze bern ha it faak swier. Se binne meast bang en yn de war.
War Child leart se wer boartsjen en plesier meitsjen.
Yn juny 2010 wurdt de aksje ôfsluten en de totale opbringst oermakke oan War Child.
Neidat de Provinsje Fryslân it bedrach ferdûbele hat!
Hjir kinsto fergees de single 'Dyn Eagen' downloade, fan Van Wieren & Marieke.
Hjir foar de clip fan Marieke en van Wieren.
Nijs
Sjineeske winskballonnen oplitten
De bern fan basisskoalle it Dûbelspan yn Boazum ha op tongersdeitejûn 7 jannewaris Sjineeske winskballonnen oplitten foar Fryslân 4 War Child. Dit soe earst tidens de krystfiering yn it doarp, mar doe stie der tefolle wyn. Tongersdei wie it hast wynstil en koene de ballonnen de loft yn. It wie in prachtich plaatsje op de beferzen poel mei ryp op de beammen en de monumintale tsjerke op 'e achtergrûn. De winskballonnen wiene op krystjûn al beskreaun mei fredeswinsken troch de bern fan skoalle en de doarpsbewenners. Op dyselde jûn waard der 280 euro ophelle foar Fryslân 4 War Child en waard der in fredesliet songen. Dit bedrach wurdt fansels wer ferdûbele troch de Provinsje!
Opbringst Fryslân 4 War Child wurdt ferdûbele troch Provinsje!